Menu
Sluiten

Set de toan foar it Sjongfestival!

26 april 2021

Yn 2021 is der gjin regulier Sjongfestival, yn plak dêrfan komt Omrop Fryslân Tsjil mei in spesjale rige wêryn’t Raynaud Ritsma in nij ferske betinkt en makket mei skoalklassen. It format is bedoeld as ienmalich alternatyf foar it tradisjonele festival sjoen de gefolgen fan de koronakrisis. Foar dit unike konsept wurdt de help ynroppen fan alle Fryske basisskoallen, der moatte safolle mooglik toanen sammele wurde. Dêr kin elkenien by helpe!

De toanen sille de reade tried troch alle útstjoeringen foarmje. Dêrom is de oprop ek om safolle mooglik ferskate lûden yn te stjoeren. Fan in fytsbel oant in dwersfluit, fan in gjalp (een schreeuw) oant in saksofoan, fan in sjongtoan oant in doar dy’t tichtklapt, alles is mooglik. De oprop jildt foar alle bern, mar fansels meie âlden en pakes en beppes ek meidwaan.

De toanen kinne foar 9 maaie ynstjoerd wurde nei ynfo@sjongfestival.frl. Soargje datst dyn lûd ynstjoerst yn de foarm fan in filmke. Graach horizontaal filmje en soargje dat it lûd dúdlik te hearren is.

Sjongfestival, de online hitfabryk
It programma, mei de titel Sjongfestival, draait om de wille fan muzyk meitsjen en it ynspirearjen fan skoallen ta (Frysk) muzykûnderwiis. Trije skoallen krije de opdracht om mei help fan twa professionals yn ien dei in ferske te meitsjen. Se krije de kar út rock, country, dance en hiphop. De tekst skriuwe se sels, oer in ûnderwerp dat sy belangryk fine. Dêrneist wurde sjoggers fan it item ynspirearre mei minymuzykleskes foar yn ’e klasse.

Fan 10 maaie ôf is alle wiken in nije ôflevering te sjen fia Youtube.com/tsjil, Instagram.com/tsjil_, Omropfryslan.nl/tsjil en de Omrop Fryslân Tsjil-app.

Organisaasje Sjongfestival
It Sjongfestival is in twajierlikse talintejacht foar basisskoallen. Learlingen út groep 6, 7 en/of 8 foarmje in koar en sjonge sa moai mooglik in Frysk liet. By it Sjongfestival wurkje Cedin, Keunstwurk, de Afûk en Omrop Fryslân gear om de grutste Fryske muzykcontest foar basisskoallen del te setten.

 


Zet de toon voor het Sjongfestival!

In 2021 is er geen regulier Sjongfestival, in plaats daarvan komt Omrop Fryslân Tsjil met een speciale serie waarin Raynaud Ritsma een nieuw liedje bedenkt en maakt met schoolklassen. Het format is bedoeld als eenmalig alternatief voor het traditionele festival gezien de gevolgen van de coronacrisis. Voor dit unieke concept wordt de hulp ingeroepen van alle Friese basisscholen, er moeten zoveel mogelijk tonen verzameld worden. Daar kan iedereen bij helpen.

De tonen zullen de rode draad door de uitzendingen vormen. Daarom is de oproep ook om zoveel mogelijk verschillende tonen in te sturen. Van een fietsbel tot een dwarsfluit, van een schreeuw tot een saxofoon, van een zangtoon tot een deur die dichtklapt, alles is mogelijk. De oproep geldt voor alle kinderen, maar natuurlijk mogen ouders en opa’s en oma’s ook meedoen.

De tonen kunnen voor 1 mei ingezonden worden naar ynfo@sjongfestival.frl. Zorg dat je je geluid inzend in de vorm van een filmpje. Graag horizontaal filmen en zorg dat het geluid duidelijk hoorbaar is.

Sjongfestival, de online hitfabriek
Het programma, met de titel Sjongfestival, draait om het plezier van muziek maken en het inspireren van scholen tot (Fries) muziekonderwijs. Drie scholen krijgen de opdracht om met hulp van twee professionals in een dag een liedje te maken. Ze krijgen de keuze uit rock, country, dance en hiphop. De tekst schrijven ze zelf, over een onderwerp dat ze belangrijk vinden. Daarnaast worden kijkers van het item geïnspireerd met een minimuzieklesje voor in de klas.

Vanaf 10 mei is iedere week een nieuwe aflevering te zien via Youtube.com/tsjil, Instagram.com/Tsjil_, Omropfryslan.nl/tsjil en de Omrop Fryslân Tsjil-app.

Organisatie Sjongfestival
Het Sjongfestival is een tweejaarlijkse talentenjacht voor basisscholen. Leerlingen uit groep 6, 7 en/of 8 vormen een koor en zingen zo mooi mogelijk een Fries lied. Bij het Sjongfestival werken Cedin, Keunstwurk, de Afûk en Omrop Fryslân samen om de grootste Friese muziekcontest voor basisscholen neer te zetten.