Menu
Sluiten

€ 3,2 miljoen beskikber foar ferbetterjen Frysk ûnderwiis

16 februari 2021

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 22 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De kommende fjouwer jier is der alle jierren € 800.000 beskikber foar bygelyks neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. De regeling Frysk foar no en letter jout skoallen de mooglikheid om te wurkjen oan de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis.

Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de nije subsydzjeregeling: “Wy hawwe as provinsje en Ryk grutte ambysjes foar it Frysk oant 2030. Dat freget ekstra ynset fan dosinten en skoallen. Dêrom wolle wy mei dizze regeling ekstra middels foar skoallen beskikber stelle. Dat dogge wy net allinne foar it primêr en fuortset ûnderwiis. Ek berne-opfanglokaasjes, skoallen yn it spesjaal ûnderwiis, middelber- en heger beropsûnderwiis en it wittenskiplik ûnderwiis kinne in oanfraach dwaan foar stipe.”

Oanfreegje kin fan 22 febrewaris oant en mei 18 maaie 2021. Der is yn dizze perioade € 400.000 foar de skoallen beskikber. Nei de simmerfakânsje giet de regeling foar de twadde kear iepen. Dan is der wer € 400.000 beskikber.

Subsydzjemooglikheden
In skoalle kin yn in iepenstellingstermyn ien kear in oanfraach dwaan. In oanfraach kin bestean út meardere ûnderdielen fan de regeling. Bygelyks foar in oplieding Fryske taal en kultuer foar in learkrêft (maksimaal € 2500). Of foar in kompensaasje om dy learkrêft frij te roasterjen en de ferfangen (maksimaal € 3500).

It bringen fan in besite oan in Frysktalich teäterstik mei de klasse makket ek diel út fan de regeling (maksimaal € 500). Der is ek in bydrage beskikber foar it opstellen fan in taalbeliedsplan mei spesifyk omtinken foar it Frysk. It maksimale subsydzjebedrach is € 13.500.

De regeling markearet de start fan in nije faze yn it projekt Taalplan 2030. Provinsje, taal- en ûnderwiisynstellings en skoallen wurkje mei-inoar oan it realisearjen fan in folslein oanbod foar it Frysk yn it jier 2030. Fan berne-opfang oant heger ûnderwiis. Sa hawwe alle bern yn Fryslân in kâns om de Fryske taal te learen.

Gearwurking
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set har dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berneopfang (SFBO), Underwiisburo Semko en de Underwiisynspeksje.

Mear ynformaasje oer de regeling is te finen op: www.fryslan.frl/fryskfoarnoenletter.
Wol dyn skoalle oan ‘e gong mei it Frysk yn kombinaasje mei keunst? Mail ús op kultuerfilter@keunstwurk.nl!