Menu
Sluiten

Basis foar nij kurrikulum foar it fak Frysk klear

26 oktober 2020

Wat wolle we dat bern op skoallen yn Fryslân kenne en kinne as it om it Frysk giet? De provinsje Fryslân hat in parseberjocht útdien oer it nije kurrikulum foar it fak Frysk. KEK wurket mei oan it Taalplan Frysk 2030. Hjirûnder stiet it parseberjocht fan de provinsje Fryslân.

Scroll naar beneden voor de Nederlandse tekst

Basis foar nij kurrikulum foar it fak Frysk klear

It kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer wurdt fernijd. In wichtich part dêrfan is de oanpassing fan de saneamde kearndoelen. Dy jouwe rjochtlinen oan foar it ûnderwiisoanbod yn it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De basis foar it nije kurrikulum is no klear en bestiet út in fisy op het leargebiet, de kearn (yn de foarm fan saneamde grutte opdrachten) en de boustiennen. Cedin Onderwijs hat dy produkten yn opdracht fan de provinsje Fryslân yn ‘e mande mei it ûnderwiisfjild opsteld. De produkten foarmje de basis foar de nije kearndoelen foar de Fryske taal en kultuer.

De produkten binne op 20 oktober oan Provinsjale Steaten oanbean en publisearre op de webside https://www.kurrikulum.frl. De provinsje stjoert de skoallen in brief en in ynspirearjende poster om harren te ynformearjen oer de foarderings fan it nije kurrikulum.

Tsien leargebieten

Net allinne it kurrikulum Frysk wurdt fernijt, ek foar de oare njoggen leargebieten wurdt it kurrikulum op ‘en nij besjoen en oanpast. Dat bart yn opdracht fan it Ryk. De kurrikulumoanpassing is needsaaklik, om’t de fêstleine ûnderwiisynhâld net mear aktueel is. In goed kurrikulum soarget foar in goede trochstreaming fan de basisskoalle nei it ferfolchûnderwiis en gearhing tusken fakken. Ek draacht it by oan in minder fol lesprogramma. Leararen en skoallieders hawwe yn de foarm fan boustiennen foarstellen oplevere foar de kurrikulumoanpassing. Dat dienen sy mei stipe fan oare eksperts yn saneamde ûntwikkelteams. De foarstellen foar it leargebiet Fryske taal en kultuer kamen op ferlykbere wize ta stân.

Realisaasjefaze

De realisaasjefaze giet fan start sa gau’t it advys fan in wittenskiplike kurrikulumkommisje klear is. Dy kommisje is ynsteld troch de Minister foar Primêr- en Fuortset Underwiis en Media. Yn de maaitiid fan 2021 wurde nei ferwachting de boustiennen útwurke ta kearndoelen foar it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dêrnei komt ek de oanpassing fan de eineksamenprogramma’s fan de boppebou fan it fuortset ûnderwiis aan bod. Ek dy faze wurdt foar it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer yn gearwurking mei skoallen en dosinten oppakt.

Taalplan Frysk 2030

Salang’t de nije kearndoelen noch net fêststeld en ferankere binne yn de ûnderwiiswetten, jilde de besteande kearndoelen. Provinsje Fryslân stimulearret alle skoallen om harren oanbod yn alle kearndoelen fuort te sterkjen. Uterlik yn 2030 moatte de skoallen harren oanbod Frysk op it wetlik stelde nivo op oarder hawwe. De provinsje wurket dêr yn ‘e mande mei skoalbestjoeren, skoallen en dosinten ûnder de namme Taalplan Frysk 2030 oan. Taal- en ûnderwiisynstellings helpe de skoallen mei advys en begelieding oan it fuortsterkjen fan Frysk op skoallen. It nije kurrikulum Frysk wurdt yn de kommende jierren yn it projekt Taalplan Frysk 2030 yntegrearre.

KEK geeft in de hele provincie Fryslân overkoepelend cultuureducatie-advies, inspiratie en deskundigheidsbevordering voor leerkrachten, van PO tot HBO. Het team cultuureducatie van Keunstwurk werkt daarvoor samen met de regionale kunstencentra. KEK (Kultuuredukaasje Mei Kwaliteit) is de Friese uitvoering van de landelijke regeling Cultuureducatie Met Kwaliteit. 


Basis voor nieuw curriculum voor het vak Fries gereed

Het curriculum voor de Friese taal en cultuur wordt vernieuwd. Een belangrijk onderdeel hiervan is de herziening van de zogenoemde kerndoelen. Die geven richtlijnen aan voor het onderwijsaanbod in het basisonderwijs en de onderbouw van het voortgezet onderwijs. De basis voor het nieuwe curriculum is nu klaar. Bestaande uit een visie op het leergebied, de kern (in de vorm van zogenaamde grote opdrachten) en de bouwstenen. Cedin Onderwijs heeft deze producten samen met het onderwijsveld opgesteld in opdracht van de provincie Fryslân. De producten vormen de basis voor de nieuwe kerndoelen voor de Friese taal en cultuur.

De producten zijn vandaag aangeboden aan Provinciale Staten en gepubliceerd op de website https://www.kurrikulum.frl. De provincie stuurt de scholen een brief en een inspirerende poster om hen te informeren over de vorderingen van het nieuwe curriculum.

Tien leergebieden

Niet alleen het curriculum Fries wordt vernieuwd, ook voor de andere negen leergebieden wordt het curriculum herzien. Dat gebeurt in opdracht van het Rijk. De curriculumherziening is noodzakelijk, omdat de vastgelegde onderwijsinhoud niet meer actueel is. Een goed curriculum zorgt voor een goede doorstroming van de basisschool naar het vervolgonderwijs en samenhang tussen vakken. Ook draagt het bij aan een minder overladen lesprogramma.

Leraren en schoolleiders hebben in de vorm van bouwstenen voorstellen opgeleverd voor de curriculumherziening. Dit deden zij met ondersteuning door andere experts in zogenaamde ontwikkelteams. De voorstellen voor het leergebied Friese taal en cultuur kwamen op vergelijkbare wijze tot stand.

Realisatiefase

De realisatiefase gaat van start zodra het advies van een wetenschappelijke curriculumcommissie is afgerond. Deze commissie is ingesteld door de Minister voor Basis- en Voortgezet Onderwijs en Media. Vanaf het voorjaar van 2021 worden naar verwachting de bouwstenen uitgewerkt tot kerndoelen voor het primair onderwijs en de onderbouw van het voortgezet onderwijs. Daarna komt ook de herziening van de eindexamenprogramma’s van de bovenbouw van het voortgezet onderwijs aan bod. Ook deze fase wordt voor het nieuwe curriculum Friese taal en cultuur in nauwe samenwerking met scholen en docenten doorlopen.

Taalplan Frysk 2030

Zolang de nieuwe kerndoelen nog niet vastgesteld en verankerd zijn in de onderwijswetten, gelden de bestaande kerndoelen. Provincie Fryslân stimuleert alle scholen om hun aanbod in alle kerndoelen te versterken. Uiterlijk in 2030 moeten de scholen hun aanbod Fries op het wettelijk gestelde niveau op orde hebben. De provincie werkt hiervoor samen met schoolbesturen, scholen en docenten onder de noemer Taalplan Frysk 2030. Taal- en onderwijsinstellingen helpen de scholen met advies en begeleiding voor het versterken van het Fries op scholen. Het nieuwe curriculum Fries wordt de komende jaren geïntegreerd in het project Taalplan Frysk 2030.

KEK geeft in de hele provincie Fryslân overkoepelend cultuureducatie-advies, inspiratie en deskundigheidsbevordering voor leerkrachten, van PO tot HBO. Het team cultuureducatie van Keunstwurk werkt daarvoor samen met de regionale kunstencentra. KEK (Kultuuredukaasje Mei Kwaliteit) is de Friese uitvoering van de landelijke regeling Cultuureducatie Met Kwaliteit.