Menu
Sluiten

Sjongfestival

Ien kear yn de twa jier wurdt it Sjongfestival organisearre. Yn 2020 is it wer safier en dit jier komt it Sjongfestival werom yn fertroude styl. Op freed 29 maaie is de grutte finale yn De Lawei yn Drachten. Om dy finale te berikken sjongt in koar fan learlingen út groep 6,7 en/of 8 sa moai mooglik in liet yn de foarrondes. In profesjonele sjuery bepaalt hokker skoallen troch meie nei de finale.

Foarrondes
De trije foarrondes binne yn april 2020. De bêste skoallen meie troch en stride mei om de winst op 29 maaie 2020.

– 9 april 2020 It Haske De Jouwer
– 15 april 2020 It Dielshûs Wommels
– 16 april 2020 De IJsherberg Dokkum

 

Lees hier meer over het Sjongfestival. Tip: bekijk ook de aftermovie van Sjongfestival 2018!

Contactpersoon
Gerda RoordaAdviseur Muziek
Telefoon:058 234 34 13